Savannah (Georgia)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Savannah (útspr.: [sǝ'vænǝ], likernôch: "suh-vê-nuh") is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Georgia en it haadplak fan it omlizzende Chatham County. It is in havenstêd dy't yn it súdeasten fan 'e steat leit, oan 'e mûning fan 'e rivier de Savannah en de kust fan 'e Atlantyske Oseaan. Savannah waard yn 1733 tagelyk mei de Britske Koloanje Georgia stifte, en is dêrmei it âldste plak fan 'e steat. It stiet benammen bekend om syn histoaryske binnenstêd. Neffens in offisjele skatting út 2015 hie de stêd doe krapoan 146.000 ynwenners. As stêdekloft, mei alle foarstêden en it heal ferstedske omlizzende plattelân derby, komt Savannah op in befolking fan hast 380.000 minsken út. Dêrmei is it de op fjouwer nei grutste stêd en de op twa nei grutste stêdekloft fan Georgia.
Savannah | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Georgia | |
County | Chatham County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 145.674 (2015) | |
Oerflak | 281,5 km² (ynkl. wetter) 267,1 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 510,1 / km² | |
Stêdekloft | 379.199 (2015) | |
Hichte | 15 m | |
Oar | ||
Stifting | 1733 | |
Tiidsône | UTC –5 | |
Simmertiid | UTC –4 | |
Koördinaten | 32°04′52″N 81°05′28″W | |
Offisjele webside | ||
www.savannahga.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Savannah yn Chatham County en yn 'e steat Georgia. |