From Wikipedia, the free encyclopedia
Sapporo (札幌市,Sapporo-shi) is de haadstêd fan de Japanske prefektuer Hokkaido en fan de subprefektuer Ishikari . Op 1 april 2008 hie de stêd 1.893.547 ynwenners. De befolkingstichtens wie 1680 ynw./km². It oerflak fan de stêd is 1121,12 km². De stêd waard stifte yn 1869. De namme komt út de taal fan de Ainû, de oarspronklike bewenners fan Hokkaido, en betsjut 'grut drûch lân', of 'wichtige rivier dy't troch de flakte streamt'. Op 1 april 1972 waard Sapporo in dekretaal designearre stêd.
Yn 1972 waarden in Sapporo de Olympyske Winterspullen hâlden. Sapporo wie ek kandidaat foar de Olympyske Winterspullen fan 2014, mar luts him yn 2006 werom, 'troch in gebrek oan finansjele middels', neffens boargemaster Fumio Ueda.
Alle jierren fynt hjirre yn febrewaris, it troch miljoenen besochte sniefestival plak, bekend troch de tige grutte gebouwen dy't fan iis en snie oplutsen wurden.
Der komme houtprodukten en it bekende Sapporo-bier wei.
Sapporo hat 10 wiken (ku) :
|
|
Dy spoarlinen binne fan de Hokkaido Railway Company.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sapporo, Hokkaido fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.