Santiago de Compostela (letterlik oerset: Sint Jabik fan Kompostela ) is de haadstêd fan Galysje (Spanje). As gemeente hat Santiago de Compostela 92.298 ynwenners (2004).

Thumb
Lizzing Santiago de Compostella
Thumb
Katedraal Santiago de Compostela

Beafeartsoarde

Santiago de Compostela is ien fan de wichtichste kristlike beafeartsoarden. Foar pylgers út hiel Jeropa is de stêd de ein fan harren kuiertocht. Dy kuiertocht wurdt de "Camino de Santiago" (It paad nei Santiago) neamd. Pylgers op wei nei Santiago binne werkenber oan de sint-jabiksskulp dy't se drage, it teken fan de hillige Jabik. De skulp hiet yn it Latyn Pecten jacobaeus, yn it Dútsk Pilgermuschel (pylgersskulp) of Jakobsmuschel en yn it Frânsk coquille Saint-Jacques. De skulp wurdt droegen mei de sluting nei boppe. Dat dier wurdt by de Galysyske kust lâns kweekt en is ûnder de namme vieira yn de Galysyske restaurants in faak nommen delikatesse. It paad nei Santiago (yn it Spaansk ek wol el camino ; 'it paad' neamd) hat in protte fan dy tradysjes. Sa litte pylgers in fan hûs meinommen stien efter by "Cruz de Ferro" dêr't sy symboalysk harren sonden mei ôflizze en (letterlik) ferljochte harren paad ferfolgje.

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.