Santa Clarita (Kalifornje)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Santa Clarita is stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e regio Súdlik Kalifornje. It is in foarstêd fan Los Angeles. Santa Clarita waard yn 1987 foarme troch de ferraning fan fjouwer lytsere plakken yn 'e Santa Claritadelling. Sawol de delling as de stêd is ferneamd nei de rivier de Santa Clara. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2020 hie de stêd dat jiers krapoan 229.000 ynwenners. Dêrmei is Santa Clarita de op twa nei grutste stêd yn Los Angeles County, nei Los Angeles sels en Long Beach.
Fluch de feiten
Santa Clarita | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | Los Angeles County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 228.673 (2020) | |
Oerflak | 183,4 km² (ynkl. wetter) 183,3 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.246,9 / km² | |
Stêdekloft | Los Angeles | |
Hichte | 368 m | |
Oar | ||
Stifting | 1987 | |
Tiidsône | UTC –8 | |
Simmertiid | UTC –7 | |
Koördinaten | 34°42′00″N 118°52′00″W | |
Offisjele webside | ||
santa-clarita.com | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Santa Clarita (read) yn Los Angeles County en de steat Kalifornje (bêzje ynset). |
Slute