From Wikipedia, the free encyclopedia
Sanskryt, ek Ald-Yndysk neamd, is in Yndo-Jeropeeske taal en heart by de Aryske of Yndo-Iraanske taalgroep. It wie de klassike taal dy't eartiids sprutsen waard troch de Yndo-Aryske bewenners fan it Pre-Yndyske skiereilân en Pakistan. It Sanskryt wie foar 1200 f.Kr. oant en mei hjoed de dei yn gebrûk as literêre taal, mar is lykwols sûnt 500 f.Kr. net langer mear de taal dy't troch it gewoane folk sprutsen wurdt.
De stavering fan it Sanskryt is wiidweidich beskreaun troch de Yndyske gelearde Paniny dy't nei alle gedachten tusken de 7e en de 3e iuw f.Kr. libbe hat en waans wurk foaral in foarskriuwende funksje krige doe't it Sankryt stadichoan ophâlde as sprektaal en hieltyd mear de taal fan de gelearden waard.
Tanksy Paniny kin de taal tsjintwurdich noch hieltyd bestudearre wurde. Syn krekte beskriuwings stelle taalkundigen ek yn steat mei help fan Ald-Grykske en Litauske ferbûgings- en aksintpatroanen, in krekte yndruk te krijen fan de syntaksis en lûden fan de Proto-Yndo-Jeropeeske taal, dêr't wittenskippers fan tinke dat dy de oarsprong is fan alle eardere en tsjintwurdige Yndo-Jeropeeske talen.
Sanskryt is de alderâldst bekende, en dertroch wichtichste, Yndo-Jeropeeske taal. De âldste foarm fan Sanskryt wurdt Vedysk neamd, nei de Vedas; religieuske teksten.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.