![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/59/Sanahin-external-view.jpg/640px-Sanahin-external-view.jpg&w=640&q=50)
Sanahin (kleaster)
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Kleaster fan Sanahin (Armeensk: Սանահին վանք) is in 10e-iuwsk kleaster yn Sanahin yn de Armeenske provinsje Lori. It kleaster is sûnt 1996 wrâlderfgoed fan UNESCO.
Kleaster fan Sanahin
Սանահին վանք | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
De Tsjerke fan de Hillige Ferlosser (Surp Amenaprkich) | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
Provinsje | Lori | |
plak | Sanahin | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Kleaster | |
boujier | 10e iuw |
De namme betsjut letterlik: "dizze is âlder dan dy". It liket der op dat dêrmei eartiids ornearre waard dat it kleaster âlder is dan it tichteby lizzende kleaster fan Haghpat, dat ek wrâlderfgoed is. De twa doarpen Haghpat en Sanahin en harren kleasters hawwe arsjitektoanysk en skiedkundich in soad oerienkomsten en wurde ek wol susterkleasters neamd. Se lizze beide op in plato en wurde troch in djippe kleau, dy't foarme is troch de rivier de Debed, fan inoar skieden.
De twa kleasters wurde troch jimmeroan gruttere tallen pylgers en toeristen besocht, om't se koartlyn yn de rûte's fan in grut tal Armeenske reisburo's opnommen binne. It kompleks is eigendom fan de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke.