San Giovanni in Laterano
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Pauslike Aartsbasilyk fan Sint-Jan fan Lateranen (Italjaansk: San Giovanni in Laterano) is in basilyk oan de Piazza del Laterano yn it Lateraan yn de Italjaanse haadstêd Rome. De oan Kristus, de evangelist Jehannes en Jehannes de Doper wijde basilyk is ien fan de sân pylgertsjerken fan Rome en ien fan de fjouwer belangrykste basiliken fan Rome.
Sint-Jan fan Lateranen
San Giovanni in Laterano | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
plak | Rome | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1735 (foltôge) | |
arsjitekt | Francesco Borromini, Alesandro Galilei | |
boustyl | Barok | |
oare ynformaasje | ||
lingte | 140 meter |
De folsleine namme fan de tsjerke yn it Latyn is: Archibasilica Sanctissimi Salvatoris et Sanctorum Iohannis Baptistae et Evangelistae in Laterano (De Allerhilligste Ferlosser en de hilligen Jehannes de Doper en Evangelist yn it Lateraan).
De oarspronklik yn de 4e iuw troch keizer Konstantyn stifte katedraal waard yn de rin fan de skiednis faak ferboud, mar is hjoed-de-dei fral it risseltaat fan de barokke ferbouwing troch Borromini.