![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/9/98/Sammy_Davis_Jr_1989_%2528cropped%2529.jpg/640px-Sammy_Davis_Jr_1989_%2528cropped%2529.jpg&w=640&q=50)
Sammy Davis jr.
From Wikipedia, the free encyclopedia
Sammy Davis jr. (folút: Samuel George Davis jr.; New York (New York), 8 desimber 1925 – Beverly Hills (Kalifornje), 16 maaie 1990), wie in Amerikaansk sjonger, dûnser, komyk en akteur fan mingd Afro-Amerikaansk-Latino-komôf. Hy sette mei syn karriêre útein as teäterartyst, en briek yn 1951 troch. As sjonger hold er him yn 't earstoan benammen by de jazz, hoewol't er letter stadichoan opskode nei de popmuzyk. As akteur spile er benammen yn musicals en toanielstikken, al hied er ek in hoartsje syn eigen tillefyzjeprogramma en ferfolle er rollen yn ferskate films, wêrûnder The Cannonball Run. Davis stie ek bekend om syn imitaasjes fan bekende Amerikanen, en om syn kontroversjele leafdeslibben (sa wied er troud mei in blanke frou doe't rasseferminging yn it grutste diel fan 'e Feriene Steaten noch by wet ferbean wie). Hy wûn twa (postume) Grammy Awards, in Emmy Award en ferskate oare prizen. Yn 1990 ferstoar er oan kielkanker.
Sammy Davis jr. | ||
![]() | ||
![]() | ||
Sammy Davis jr. yn 1989. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Samuel George Davis jr. | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 8 desimber 1925 | |
berteplak | New York (New York) | |
stoarn | 16 maaie 1990 | |
stjerplak | Beverly Hills (Kalifornje) | |
etnisiteit | ![]() ![]() | |
wurkpaad | ||
sjenre | jazz, soul | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | piano, drumstel | |
grutste hit(s) | What Kind of Fool Am I? The Candy Man | |
jierren aktyf | 1928 – 1990 | |
prizen | Emmy Award 1985 Grammy Award 2001 | |
offisjele webside | ||
gjint |