From Wikipedia, the free encyclopedia
De gemeente Súdhorn (Zuidhorn) wie in gemeente yn it westen fan Grinslân. Sûnt 1 jannewaris 2019 makket de eardere gemeente Súdhorn tegearre mei de eardere gemeenten Gruttegast, De Like en Mearum diel út fan de gemeente Westerkertier. It gemeentehûs fan de gemeente Westerkertier stiet yn Súdhorn.
Gemeente Súdhorn
| |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Grinslân | ||||||
Boargemaster | B. Fennema | ||||||
Haadplak | Súdhorn | ||||||
Oerflak - wetter |
128,37 km² - 2,75 km² | ||||||
Ynwenners | 18.374 (2008) | ||||||
Ferkearsieren | N355 | ||||||
Netnûmer | 050, 0594 | ||||||
Postkoades | 9800-9809, 9830-9849, 9880-9889 | ||||||
Offisjeel webstee | www.zuidhorn.nl |
De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 1990 troch it gearfoegjen fan fjouwer gemeenten, nammentlik: Adewert, Gryptsjerk, Oldehove en Súdhorn.
De gemeente bestie út 15 doarpen: Adewert, Briltil, Den Ham, Den Horn, Fiskflyt, Gryptsjerk, Kommersyl, Lauwerssyl, Niehove, Niesyl, Noardhorn, Oldehove, Pietersyl, Saaksum en Súdhorn.
Aalsum, Balmahuzen, Barnwert, De Kampen, De Poffert, Djipswâl, Electra, Englum, Frânsum, Frytum, Gaaikemadyk, Gaaikemawear, Gearkeuken, Heerebuorren, 't Hoekje, Hegemieden, Ikum, Kenwert, Kievitsburen, Korhorn, Legemieden, Lammerbuorren, Nijklap, Noarderbuorren, Noardhornerga, Noardhornertolhikke, Okswert, Pama, Rûgewaard, Rûgesân, Selwert, Spanjertssdyk, Steentil en Wierumerskou (gedieltlik).
De gemeente Súdhorn leit sûnt 1866 oan it spoar Grins-Ljouwert, en hat in stasjon. Buslinen yn de gemeente binne:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.