Súdeast-Alaska
From Wikipedia, the free encyclopedia
Súdeast-Alaska, dat ek wol de Panhandle fan Alaska, de Alaskaanske Panhandle of de Alaska Panhandle (oftewol it "Panhânsel fan Alaska") neamd wurdt, is de panhandle of it skerp útstykjende súdeastlike diel fan 'e Amerikaanske steat Alaska. It grutste diel fan dit gebiet heart ta it Nasjonaal Wâld Tongass, it grutste nasjonaal wâld fan 'e Feriene Steaten. Der hearsket foar Alaskaanske mjitstêven in tige myld klimaat. Histoarysk kaam dit diel fan Noard-Amearika by Alaska te hearren troch de Russyske kolonisaasje fan it kustgebiet. Wêr't yn it binnenlân de grins lei mei de Britske ynfloedssfear, bleau lange tiid dizenich. Nei't Alaska yn 1867 oergien wie yn Amerikaanske hannen, ûntstie dêrtroch it Alaskaanske Grinskonflikt, wêrby't de Feriene Steaten en Grut-Brittanje yn in slepend skeel ferwikkele rekken oer de krekte lizzing fan 'e grins tusken Alaska en Britsk-Kolumbia. Pas yn 1903 waard dy deilisskip yn it foardiel fan 'e Feriene Steaten oplost.
Súdeast-Alaska | ||
In kaart fan Súdeast-Alaska. De dûnkerder kleure gebie-ten binne nasjonale parken; de blau kleure farrûte is Alaska Marine Highway. | ||
polityk | ||
soarte gebiet | regio | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Alaska | |
haadplak | Juneau | |
grutste plak | Juneau | |
sifers | ||
ynwennertal | 72.000 (2010) | |
oerflak | 91.010 km² | |
befolkingstichtens | 0,8 / km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC –9 | |
simmertiid | UTC –8 |