Sêge
From Wikipedia, the free encyclopedia
In sêge (komt fan it Dútske was gesagt wird, "wat sein wurdt") is in folksferhaal dêr't almeast in geografyske bysûnderheid of in boppenatuerlik ferskynsel yn ferklearre wurdt. It meastepart fan de sêgen giet oer spûken, tsjoenderij, hekserij, wiersizzerij en oer boppenatuerlike wêzens lykas klopgeasten, wearwolven, ierdmantsjes (kabouters), mearminnen en boemannen. De ôfrin fan in sêge is faak somberder as dat fan in mearke.