Sânjes Safary (Nederlânsk en offisjeel: Sanjes Safari), foarhinne Boarters- en Bistepark SânjesFertier (Nederlânsk en offisjeel: Speel- en Dierenpark SanjesFertier), is in lytsskalich ferdivedaasjepark mei in dieretún derby, sitewearre yn Dantumadiel, deunby De Westereen, mar yn 'e himrik fan Feanwâlden. It park waard yn 1998 oprjochte as SânjesFertier en waard yn 2020 omneamd ta Sânjes Safary.

Fluch de feiten
Sânjes Safary
  ferdivedaasjepark
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak Feanwâlden
adresDe Sânjes 8
koördinaten53°15′00″N 6°00′00″E
bysûnderheden
typealgemien ferdivedaasjepark
eignerFa. SanjesFertier
iepenwykeinen en skoalfakânjes
dieretúnDierepark SânjesZoo
skiednis
hist. nammeBoarters- en Bistepark
   SânjesFertier
iepening1998
offisjele webside
sanjessafari.nl
kaart
Thumb
Sânjes Safary
Lokaasje fan Sânjes Safary yn Fryslân.
Slute

Akkomodaasjes

Sânjes Safary bestiet út twa ôfdielings, in boarterspark of ferdivedaasjepark mei as namme SânjesFertier, en in lytse dieretún dy't Dierepark SânjesZoo hjit. Dêrnjonken beskikt it park ek oer in kafetaria dêr't men telâne kin foar in hapke en in snapke. In diel fan it park is oerdutsen om ek by reinich waar oantreklik te wêzen foar toeristen en deitoeristen. Yn totaal hat it park in oerflak fan 10.000 m² bûtendoar en 2.000 m² binnen. Yn it bistepark wurde likernôch 40 ferskillende bistesoarten holden, wêrûnder kamielen, strúsfûgels, stôksturtsjes, kavia's en kninen. Teffens is yn it bistepark it Natoermuseum Bruinenberg fêstige (sjoch ek Natuermuseum Dokkum).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.