![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/f/f9/Brooklyn_Museum_-_What_Our_Lord_Saw_from_the_Cross_%2528Ce_que_voyait_Notre-Seigneur_sur_la_Croix%2529_-_James_Tissot.jpg/640px-Brooklyn_Museum_-_What_Our_Lord_Saw_from_the_Cross_%2528Ce_que_voyait_Notre-Seigneur_sur_la_Croix%2529_-_James_Tissot.jpg&w=640&q=50)
Sân lêste wurden fan Jezus
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Sân lêste wurden fan Jezus binne sân útspraken dy't Jezus die doe't er krusige waard en dy waarden yn de fjouwer kanonike evangeeljes neamd. Tradisjoneel waarden dy útspraken "wurden" neamd. Trije fan dy útspraken komme allinnich yn it Evangeelje fan Lukas foar en twa dêrfan komme allinnich yn de Evangeelje fan Jehannes foar. In oare útspraak komt foar yn de Evangeeljes fan Mattéus en Markus en wer in oare útspraak waard yn it Evangeelje fan Jehannes neamd en dêr waard yn de Evangeeljes fan Mattéus en Markus nei ferwiisd. Yn de Evangeeljes fan Mattéus en Markus gûlde Jezus ta God, yn de Evangeelje fan Lukas ferjoech er syn moardners, fersekere er Dismas, de goede dief, en betroude syn geast ta syn Heit, en yn de Evangeelje fan Jehannes prate er mei syn mem, sei er dat er toarst hie en ferklearre de ein fan syn libben op ierde.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/f/f9/Brooklyn_Museum_-_What_Our_Lord_Saw_from_the_Cross_%28Ce_que_voyait_Notre-Seigneur_sur_la_Croix%29_-_James_Tissot.jpg/640px-Brooklyn_Museum_-_What_Our_Lord_Saw_from_the_Cross_%28Ce_que_voyait_Notre-Seigneur_sur_la_Croix%29_-_James_Tissot.jpg)
Sûnt de sechtjinde iuw waarden dy útspraken in soad yn preken op Goedfreed brûkt en folsleine boeken waarden der oer skreaun. De Sân lêste wurden fan Jezus foarmje in wichtich part fan de liturgy yn de Katolike, Protestantske en Anglikaanske tsjerken