De Ryksdeibrânferoardering (Dútsk: Reichstagbrandverordnung) of folút Feroardering fan de Rykspresidint ta Beskerming fan Folk en Steat (Verordnung des Reichspräsidenten zum Schutz von Volk und Staat) wie in feroardering op 28 febrewaris 1933, dy't ynsteld waard nei oanlieding fan de Ryksdeibrân in dei earder. De Nederlânske kommunist Marinus van der Lubbe waard troch de nazys dêrfan beskuldige en hy soe help fan de kommunisten krigen hawwe. De feroardering stelde wichtige boargerrjochten, sa't dy yn de Grûnwet fan Weimar steane, bûten wurking. De nazys koene dêrtroch harren politike tsjinstanners oppakke en publikaasjes, dy't tsjin it nasjonaalsosjalisme rjochte wie, ferbiede. Dizze feroardering wurdt mei de Machtigingswet fan 24 maart 1933 sjoen as in stap nei de ein fan de demokrasy fan de Weimarrepublyk en de folsleine machtsoername troch Adolf Hitler.
Neffens artikel 48 fan de grûnwet fan Weimar hie de Rykspresidint de mooglikheid in feroardering út te skriuwen. Yn de tiid fan de Weimarrepublyk barde dat ferskate kearen, doe't it regear it net iens wurde koe.
Op 30 jannewaris 1933 waard Hitler ta Rykskânselier beneamd troch rykspresidint Paul von Hindenburg. Hitler trúnde by Von Hindenburg oan de Ryksdei te ûntbinen en skriuw nije ferkiezings út foar 5 maart 1933. In lytse moanne letter wie der in brân yn de Ryksdei, seis dagen foar de ferkiezings. De nazys joech de KPD, de Kommunistyske Party fan Dútslân de skuld fan de brân en beskuldigen hja derfan dat hja in revolúsje oan it tarieden wiene. Mei de feroardering koe Hitler de kommunisten oanpakke.
De feroardering beheinde de persoanlike frijheid, frijheid fan it uterjen fan de miening en de parse en de frijheid fan ferienings en gearkomsten. Ek yngrepen yn it brief-, post-, tillegraaf- en tillefoangeheim, befellen ta hûssiking, ynbeslachnamen en eigendomsbeheinings waarden tastean. Dat wie dien út namme fan it beskermjen fan it folk en de steat. De feroardering waard tekene troch Von Hindenburg, Hitler, de minister fan ynlânske saken Wilhelm Frick en de minister fan jústysje dr. Franz Gürtner. Troch in soad propaganda besochten de nazys stipe fan it folk te krijen dat hja de ienheid fan it folk bewarje soene. De NSDAP fan Hitler krige lykwols net de absolute mearderheid by de ferkiezings. Mar mei stipe fan de konservative Dútsk Nasjonale Folkspartij en de katoliken fan de Dútske Sintrumpartij koe hij op 24 maart 1933 de Machtigingswet (1933) dertroch krije. Dêrmei koe it regear wetten meitsje bûten de Ryksdei om. Dat makke it paad frij foar totale diktatuer.
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.