Ry Cooder
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ry (Ryland Peter) Cooder (Los Angeles, 15 maart 1947) is in Amerikaansk gitarist bekend fan syn wurk op de slidegitaar. Cooder, solo-artyst en studiomuzikant is faaks wol it bekendst fan syn filmmuzyk. Ry Cooder syn solo album "Bob till you drop", útkommen yn 1979 is it alderearste grutte album dat alhiel digitaal opnommen is.
Ry Cooder stiet bekend as in muzikale kameleon. Hy lient mei opfallend gemak fan in ferskaat oan stilen en streamingen: rock and roll, blues, reggae, Tex-Mex, Hawaiian, Dixieland jazz, country, folk, R&B en gospel binne dêr de meast foarkommende fan.