From Wikipedia, the free encyclopedia
It Ruhrgebiet is in stêdekloft yn it westen fan Dútslân. Meiïnoar wenje der sa'n 5,3 miljoen minsken.
De wichtichste stêden fan de stêdekloft binne Bochum, Bottrop, Dortmund, Duisburg, Essen, Gelsenkirchen, Hagen, Hamm, Herne, Mülheim an der Ruhr en Oberhausen. Dy stêden en de gemeenten (Kreisen) Recklinghausen, Unna, Wesel en Ennepe-Ruhr-Kreis arbeidzje bestjoerlik mei elkoar op yn it Regionalverband Ruhr (RVR). De Wikipedyside oer it Ruhrgebiet beheint him dan ek allinich mar ta dat gebiet.
De stêden ûntstienen foar it meastepart yn de lette midsiuwen, de stêdekloft ûntstie yn de tiid fan de Yndustriële Revolúsje. Yn it earstoan wienen it de stienkoalminen en stielyndustry dy't it gebiet stal joegen, hjoed de dei stean dêr mânske fabriken en der is in grutte gemyske yndustry. Yn Nazi-Dútslân wienen Sileezje en it Ruhrgebiet wichtige yndustryplakken dy't in wichtige rol spile hawwe yn de Dútske oarlochsyndustry.
Der binne seis universiteiten en njoggen hegeskoallen mei likernôch 180.000 studinten (skoaljier 2001/02) en der binne sawol technyske as wittenskiplike ynstitúsjes en akademy's. Sadwaande is it Ruhrgebiet ien fan de wichtichste plakken yn Jeropa as it giet om ûndersyk en ûnderwiis, benammen yngenieur- en natoerwittenskippen krije der in soad omtinken.
De grutste fuotbalploegen binne Borussia Dortmund, MSV Duisburg, VfL Bochum en FC Schalke 04.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.