Rudi Falkenhagen
From Wikipedia, the free encyclopedia
Rudi Falkenhagen (folút: Rudolf Johan Falkenhagen; Diemen, 6 maaie 1933 – Breukelen, 26 jannewaris 2005) wie in ferneamd Nederlânsk toaniel-, tillefyzje- en filmakteur. Hy briek oarspronklik troch mei de rol fan 'e boef Snuf yn 'e bernerige Pipo de Clown. Ien fan syn bekendste rollen hie Falkenhagen as fabryksdirekteur Dries Rustenburg yn 'e dramasearje De Fabriek. Yn lettere jierren makke er himsels as stimakteur bekend by in jonger publyk yn 'e rol fan 'e piloat Turbo McKwek, yn 'e Disney-tekenfilmsearje DuckTales.
Fluch de feiten
Rudi Falkenhagen | ||
akteur | ||
Falkenhagen yn 'e searje De Fabriek. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Rudolf Johan Falkenhagen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 6 maaie 1933 | |
berteplak | Diemen (Noard-Hollân) | |
stoarn | 26 jannewaris 2005 | |
stjerplak | Breukelen (Utert) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
jierren aktyf | 1955 – 2003 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Slute