From Wikipedia, the free encyclopedia
It hielal of universum is al wat bestiet. Bûten de Ierde wurdt it hielal ek wol de romte neamd. It omfet de stjerren, wêrûnder de sinne, planeten, wêrûnder de Ierde, hiel it Molkenpaad, alle oare miljarden stjerrestelsels. De leechte tusken planetestelsels lykas it sinnestelsel neamt men de ynterstellêre romte (letterlik de 'romte tusken de stjerren').
It hielal wurdt bestudearre troch de stjerrekunde, útsein de Ierde, dy't it stúdzjeobjekt is fan de ierdwittenskip.
In part fan de stjerrekunde, de kosmology, hâldt him dwaande mei de fraach nei it ûntstean fan it hielal. Dêr binne ferskate teoryen oer. De wichtichste fan dy teoryen is op it stuit faaks de teory fan de oerknal.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.