Rocky III
From Wikipedia, the free encyclopedia
Rocky III is in Amerikaansk sportdrama út 1982 ûnder rezjy fan Sylvester Stallone, mei yn 'e haadrollen himsels en Carl Weathers. De film is it trêde diel út 'e Rocky-searje. It ferhaal folget bokser Rocky Balboa nei syn oerwinning op Apollo Creed om 'e wrâldtitel yn 'e swiergewichtklasse. Wylst er genietet fan syn súkses klaut de ûnmeilydsume jonge Clubber Lang, spile troch Mr. T, himsels omheech om Rocky út te daagjen. Rocky III krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar groeide yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses. Dêrnjonken wie de titelsong Eye of the Tiger in grutte hit en waard nominearre foar in Oscar foar bêste orizjinele liet. It folgjende diel yn 'e filmsearje, Rocky IV, kaam út yn 1985.
Fluch de feiten
Rocky III | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Sylvester Stallone | |
produsint | Robert Chartoff Irwin Winkler | |
senario | Sylvester Stallone | |
kamerarezjy | Bill Butler | |
muzyk | Bill Conti | |
filmstudio | United Artists | |
distribúsje | MGM/UA Entertainment | |
spilers | ||
haadrollen | Sylvester Stallone Carl Weathers | |
byrollen | Talia Shire Burgess Meredith Burt Young Mr. T Hulk Hogan | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 28 maaie 1982 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | sportdrama | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 100 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $17 miljoen | |
opbringst | $270 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Rocky (filmsearje) | |
● foarich diel | Rocky II | |
● folgjend diel | Rocky IV |
Slute