Robert Rauschenberg
From Wikipedia, the free encyclopedia
Robert Rauschenberg (Port Arthur, Teksas, 22 oktober 1925 – Captiva Island, Florida, 12 maaie 2008) wie in Amerikaanske keunstner, dy't oan de basis stie fan de Amerikaanske Pop Art-beweging. Hy evoluearre fan abstrakt ekspresjonist nei Pop-Art-artyst en benammen assemblaazjekeunstner. Hy wie bekend as keunstskilder, byldhouwer, fotograaf, performer en koreograaf.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/2/20/Robert_Rauschenberg_1999.jpg/220px-Robert_Rauschenberg_1999.jpg)
Robert Rauschenberg waard ynspirearre troch Andy Warhol (mei syn seefdrukken), John Cage syn filosofy en Jasper Johns (om syn objekten en symboalen).