From Wikipedia, the free encyclopedia
Heinrich Hermann Robert Koch (Clausthal, 11 desimber 1843 – Baden-Baden, 27 maaie 1910) wie in Dútsk medikus.
Koch waard berne yn de hûshâlding fan Hermann Koch (mynbouyngenieur) en Mathilde Koch-Biewend; der wiene trettjin bern. Yn syn jonkheid samle er mineralen, ynsekten en koarstmoassen. Hy sette út ein mei de stúdzje medisinen yn 1862 oan de universiteit fan Göttingen.
Hy waard ferneamd troch it ûntdekken fan de oarsaak fan myltfjoer (Bacillus anthracis) yn 1877, tuberkuloaze (Mycobacterium tuberculosis) yn 1882 en golera (Vibrio cholerae) yn 1883 en ek troch it formulearjen fan de Kochs postulaten.
Nei Koch's súkses rûn de kwaliteit fan sy ûndersyk tebek (dêr wie it fiasko fan syn tuberkuloaze genêsmiddel "tuberkuline" dat net blykte te wurkjen), hoewol't syn learlingen de feroarsakers fan diftery, bûktyfus, longûntstekking, gonorrhoe, serebrospinale harsenfluesûntstekking, lepra, bûdepest, tetanus, en syfilis fûnen, ûnder oaren troch syn metoaden ta te passen.
Robert Koch stoar op 27 maaie 1910 troch in hertoanfal yn Baden-Baden, yn de âldens fan 66 jier.
Foar it ûntdekken fan de baktearje dy't tuberkuloaze feroarsaket krige er yn 1905 de Nobelpriis foar de Fysiology of Genêskunde. Yn 1906 waard er opnaam yn de eksklúsive Oarder "Pour le Mérite".
De Kochpostulaten binne:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.