Road Trip (film út 2000)
film út 2000 fan Todd Phillips / From Wikipedia, the free encyclopedia
Road Trip is in Amerikaanske gross-outkomeedzje en roadmovie út 2000 ûnder rezjy fan Todd Phillips, mei yn 'e haadrollen Breckin Meyer, Seann William Scott, Paulo Costanzo en D.J. Qualls. De titel is it Ingelske wurd foar in langere reis mei de auto, ornaris mei in rekreätyf doel. It ferhaal giet oer fjouwer studinten út Ithaca (New York), dy't mei de auto yn Austin (Teksas) besykje te kommen, foar't de post dêr in fideobân besoarget dy't ien fan harren syn yn Austin studearjende faam tastjoerd hat. By fersin is nammentlik net it fideoboadskip oan 'e faam opstjoerd, mar in opname fan syn seksuele eskapade mei in oar famke. Road Trip ûntfong fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses. Yn 2009 waard ûnder de titel Road Trip: Beer Pong in ferfolchfilm direkt-op-fideo útbrocht.
Road Trip | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Todd Phillips | |
produsint | Daniel Goldberg Joe Medjuck | |
útfierend produsint | Ivan Reitman Tom Pollock | |
senario | Todd Phillips Scot Armstrong | |
kamerarezjy | Mark Irwin | |
muzyk | Mike Simpson | |
filmstudio | The Montecito Picture Company | |
distribúsje | DreamWorks Pictures The Montecito Picture Company | |
spilers | ||
haadrollen | Breckin Meyer Seann William Scott Paulo Costanzo D.J. Qualls | |
byrollen | Amy Smart Tom Green Anthony Rapp Fred Ward Rachel Blanchard Mia Amber Davis | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 19 maaie 2000 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | gross-outkomeedzje, roadmovie | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 94 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $16 miljoen | |
opbringst | $119,8 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Road Trip | |
● folgjend diel | Road Trip: Beer Pong |