De Ring fan Brodgar, ek wol Ring fan Brogar neamd, is in henge op Mainland (Orkney), dy't mei Skara Brae, de Stones of Stenness en Maeshowe ta it Neolityske hert fan Orkney heart, dat sûnt 1999 troch UNESCO oan de Wrâlderfgoedlist taheakke is.

Thumb
Ring fan Bodar

De seremoanjele ring en stiensirkel wurdt datearre tusken 2500 en 2000 foar Kristus en leit tusken it Loch of Stenness en it Loch of Harray. Fan de oarsproonklike sechtich stiennen binne noch 36 oer. De stiennen binne net fersierd, op fiif noarske runen en in krús nei. De runen foarmje in kryptogram mei de soad foarkommende namme Bjorn.

Om de sirkel leit in grêft, dy't oarspronklik 3 meter djip west hawwe moat. Yn de neite fan de henge stiet de Comet Stone.

Folkloare

Der binne sêgen bekend dy't ferhelje oer dûnsjende reuzen dy't by it lemieren fan de dei yn stienen feroaren. De lossteande Comet Stone soe de fluitspiler west hawwe.

Behear

De Ring fan Brodgar wurdt beheard troch Historic Scotland.

Keppeling om utens

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Ring of Brodgar

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.