From Wikipedia, the free encyclopedia
Ravenna is in stêd yn eastlik Itaalje. It is de haadstêd fan 'e provinsje Ravenna en telt om-ende-by 155.000 ynwenners (2023).
Ravenna (stêd) | ||
Piazza di Populo yn Ravenna | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Itaalje | |
Regio | Emilia-Romagna (EMR) | |
Provinsje | Ravenna | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 156.497 (31.07.2024) | |
Oerflak | 653,82 km² | |
Hichte | 4 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 44° 25'N 12° 12'E | |
Offisjele webside | ||
www.comune.ra.it | ||
Kaart | ||
Al yn 'e 5e iuw f.Kr. wie der al sprake fan in delsetting yn 'e omkriten fan Ravenna. Yn 89 f.Kr. waard de stêd Romeinsk en yn 402 de haadstêd fan it West-Romeinske Ryk. Nei it ôfsetten fan 'e lêste Romeinske keizer troch de Germaan Odoaker waard it de sit fan syn keninkryk en letter, doe't de Ostrogoaten fan Theodorik de Grutte (ek bekend as Diderik fan Bern) Itaalje oermasteren, op 'e nij haadstêd.
Yn de Midsiuwen hat de stêd foar lange tiid de sit west fan de Byzantynske eksarch (in biskop mei syn sit fier fan it sintrum fan it Ryk) yn Itaalje.
Yn de stêd binne de Byzantynske ynfloeden noch hieltiten sichtber. Yn 'e ferneamde basilyk fan San Vitale (bou úteinset yn 526) binne weardefolle mozaiken te sjen. It is ien fan 'e acht bouwurken út de ier-kristlike tiid dy't op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO steane:
Oare nijsgjirrichheden yn Ravenna binne:
Yn Ravenna binne fierders ek grêfmonuminten te finen, lykas de tombe fan keizerin Galla Placidia.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ravenna fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.