From Wikipedia, the free encyclopedia
Rasmus (Christian) Rask (Brændekilde Fún, 22 novimber 1787 - 14 novimber 1832), Deensk Yndogermanist en filolooch. Hy wie in polyglot, spriek 25 talen en dialekten en hat goed 50 talen bestudearre.
Rask besocht yn 1810 en 1820 Yslân, Ruslân, Perzje en Yndia om dêr de talen te bestudearjen. Hy naam ferskate wichtige manuskripten mei werom nei de Universiteit fan Kopenhagen.
Rasks traktaat Undersøgelse om det gamle Nordiske eller Islandske Sprogs Oprindelse ('Traktaat oer de oarsprong fan it Aldnoarsk of it Yslânsk'), dat yn 1818 yn it Deensk ferskynde en fjouwer jier letter yn it Dútsk, wie fan grut belang foar de stúdzje fan de Yndo-Jeropeeske talen. Rask wie ek de earste dy't de besibbens tusken it Aldnoarsk en it Goatysk oan 'e iene kant, en it Litousk, Klassyk Gryksk en Latyn oan 'e oare kant bewiisd hat. Boppedat lei Rask yn syn traktaat de fundamintele prinsipes foar de ferlykjende taalkunde út.
Rasmus Rask hat Jakob Grimm bot beynfloede, dy't yn syn Deutsche Grammatik de Earste Germaanske lûdferskowing beskreaun hat. Hy hie ek kontakt mei Joast Hiddes Halbertsma.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.