Quito
From Wikipedia, the free encyclopedia
Quito (offisjele namme, Spaansk: San Francisco de Quito) is de haadstêd fan Ekwador yn it noard-westen fan Súd-Amearika. De stêd leit yn noard-sintraal Ekwador yn de delling fan de rivier Guayllabamba, op de eastskeanten fan de fulkaan Pichincha, in noch aktive stratofulkaan yn it Andesberchtme. Mei in befolking fan 1.397.698 neffens de lêste folkstelling yn 2001, en 1.504.991 yn 2005, neffens in rûzing fan de gemeente, is Kwito de twads grutste stêd fan Ekwador, nei Guayaquil. Kwito is ek de haadstêd fan de provinsje Pichincha en de sit fan it kanton Quito. Yn 2008 waard de stêd oanwiisd as haadkertier fan de Uny fan Súd-Amearikaanske Naasjes.
Quito San Francisco de Quito | ||
Fan boppe lofts nei rjochts: Basílica del Voto Nacional, Tsjerke en kleaster fan St. Fransikus; Kuluereelsintrum Itchimbia, Urban Plaza Tower, Paleis fan Carondelet; El Panecillo, stânbyld Faam fan Quito, Nasjonaal teater Sucre, CFN Toer; en de skyline fan Noard-Quito. | ||
Polityk | ||
Lân | Ekwador | |
Provinsje | Pichincha | |
Kanton | Quito | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.397.698 (2001) | |
Oerflak | 324 km² | |
Befolkingsticht. | 4.313,9/ km² | |
Stêdekloft | 1.842.201, 4.204 km² | |
Hichte | 2850 m | |
Oar | ||
Stifting | 6 desimber 1534 | |
Tiidsône | ECT (UTC-5) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Offisjele webside Kwito |
It Plaza de La Independencia, it sintrale plein fan Quito, leit op in hichte fan 2800 m; it makket Kwito de twds heechst lizzende regearingstêd fan de wrâld (nei La Paz, Bolivia).
It grutte sintrale plein fan Quito leit sa'n 25 kilometer besuden de evener. In monumint en museum jouwe rûchwei it plak fan de evener oan, pleatslik bekend as la mitad del mundo ('it midden fan de wrâld).
Quito wie yn 1978, mei Krakau, it earste plak dêr't de UNESCO beskate lokaasjes ta wrâlderfgoed ferklearre.