Queenslân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Queenslân (Ingelsk: Queensland) is ien fan 'e seis steaten fan Austraalje. It omfiemet it noardeastlike part fan it lân, wêrfan't it noarden djip yn 'e tropen leit. Krekt as de Amerikaanske steat Floarida stiet Queenslân bekend as de Sunshine State ("Sinnenskynsteat"). De haadstêd en teffens de grutste stêd is Brisbane, dat de op twa nei grutste stêd fan Austraalje is. Mei 22,5% fan it nasjonaal grûngebiet is Queenslân it op ien nei grutste Australyske gewest (nei West-Austraalje). Fral it binnenlân is lykwols mar tin befolke. Neffens gegevens út 2012 hie Queenslân doe rom 5 miljoen ynwenners, wat delkomt op 20,1% fan 'e totale Australyske befolking.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Queenslân Queensland | |
---|---|
flagge | wapen |
Latyn: Audax at fidelis ("Drystmoedich mar trou") | |
lokaasje yn Austraalje | |
algemien | |
ôfkoarting | QLD |
lân | Austraalje |
status | steat |
haadstêd | Brisbane |
grutste stêd | Brisbane |
sifers | |
ynwennertal | 5.027.889 (2012) |
befolkingstichtens | 2,9 / km² |
oerflak | 1.852.642 km² (ynkl. wetter) 1.730.620 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC +10 (gjin S.T.) |
webside | www.qld.gov.au |
Slute