Pyteäs
From Wikipedia, the free encyclopedia
Pyteäs of Pyteäs fan Massalia (Πυθέας ο Μασσαλιώτης; sa. 350 f.Kr. – 285 f.Kr.) wie in Grykske keapman, geograaf en ûntdekkingsreizger út de 4e iuw f.Kr. Hy kaam fan de Grykske koloanje Massalia, it Marseille fan no.
Yn deselde tiid dat Aleksander de Grutte yn it Easten oan de grinzen fan de doe yn Europa bekende wrâld tahâlde, ûndersocht Pyteäs it ûnbekende noardwesten fan Europa. Oer syn reizen hat er it wurk Περί του ωκεανού ('Oer de oseaan') skreaun dêr't lykwols neat fan bewarre bleaun is. In pear fragminten út dat wurk binne bekend fan sitaten troch oare skriuwers sa as Strabo, Eratostenes en Plinius de Alde, dy't Pyteäs teminsten diels as leugner beskôgen omdat sy syn reizen foar ûnmooglik hâlden of, sa as Polybios harsels as grutte saakkundige profilearje woenen. Oare oanwizings foar de ynhâld fan it wurk wurde fûn yn it wurk fan de astronoom Hipparchos fan Rhodos.