From Wikipedia, the free encyclopedia
Probolinggo is in stêd en gemeente oan de noardkant fan it eastlik part fan Java yn Yndoneezje. It plak leit likernôch 100 kilometer beëasten de provinsjehaadstêd Soerabaja.
Probolinggo | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Yndoneezje |
Provinsje | East-Java |
Regintskip | Probolinggo |
Sifers | |
Ynwennertal | ± 223.159 (2014) |
Oerflak | 25,24 km² (ynkl. wetter) |
Oar | |
Stifting | 1359 |
Tiidsône | UTC+7 |
Webside |
De krite is fanâlds bekend om sûkerproduksje en letter ek de tylt fan mango's; teffens wurdt der rubber en rys ferboud. Der is in frij grutte fiskershaven. De fiskyndustry is wichtich foar de ekonomy fan de stêd. Fierders wurdt dêr keramyk en sarongs makke. De stêd is it begjinpunt foar tochten nei de Gunung Bromo (Berch Bromo), in grutte fulkaan.
It plak leit oan it spoar Soerabaja-Banyuwangi. Mei de bus is it sa'n 2,5 oere nei Soerabaja.
Yn 1918 krige Probolinggo in eigen gemeenteried mei as foarsitter de assistint-residint. Fan 1929 ôf krige se in eigen boargemaster (walikota).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Probolinggo fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.