De haadstjoertiid, yn it Ingelsk (en yn it Frysk ek wol) prime time neamd, is in begryp dy't benammen yn de wrâld fan de tillefyzje, en ek wol op de radio, de tiid fan de dei oantsjut dy't it meast geunstich is foar it beheljen fan de measte sjoggers. Yn Nederlân lei dy tiid fanâlds tusken healwei achten en tsien oere jûns, wêrfan't de tiid tusken acht oere en njoggen oere foar it algemien publyk it bêste wie.

Thumb
In húshâlding dy't tillefyzje sjocht yn de 1950er jierren

In programma dat daliks nei de wichtichste nijssjoernaal, dy om acht oere jûns, útstjoerd wurdt, hat in folle gruttere kâns besjoen te wurden as in program dat bygelyks om seis oere jûns útstjoerd wurdt. Om dy tiid hawwe de measte húshâldings harren jûnsmiel en hawwe se yn dy tiid oare warberens.

Foar oare groepen sjoggers jildt lykwols in oare haadstjoertiid. Sa binne tiden fan fiif oere oant seis oere middeis en fan healwei sânen oant sân oere jûns foar jongere bern in gaadlike tiid. Foar skoalbern en de jongerein leit dat justjes oars, om't der ek rekken mei de skoaltiid holden wurde moat.

Yn de Feriene Steaten, dêr't it begryp prime time weikomt, is de haadstjoertiid almeast tusken acht oere en alve oere jûns op de pleatslike tiid.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.