Porfyrius
From Wikipedia, the free encyclopedia
Porfyrius (Gryksk: Πορφύριος, Porphyrios; Tyrus, ±234 – Rome, ±305) wie in Gryksk neoplatoanysk filosoof út 'e Romeinske Tiid. Hy redigearre en bekommentariëarre ferskate âldere wurken, fan syn eigen learmaster Plotinus, mar ek fan Aristoteles, Euklides en Ptoleméus. Dêrnjonken skreau sels ek in protte wurken oer in ferskaat oan ûnderwerpen. Hy is it bekendst wurden troch syn Isagoge of "Ynlieding" (nammentlik ta de Categoriae fan Aristoteles), en mei syn traktaat Kata Christianou ("'Tsjin de Kristenen"), dat neitiid ferbean waard troch keizer Konstantyn de Grutte.
Fluch de feiten
Porfyrius | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Πορφύριος ("Porphyrios") | |
nasjonaliteit | ||
berne | ±234 | |
berteplak | Tyrus (Romeinske Ryk) | |
stoarn | ±305 | |
stjerplak | Rome (Romeinske Ryk) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
berop/amt | filosoof | |
jierren aktyf | 273 – ±305 | |
bekendste wurk(en) | Ynlieding (ta de Categoriae) Tsjin de Kristenen |
Slute