From Wikipedia, the free encyclopedia
Pommern is in Ortsgemeinde yn de lânkring Cochem-Zell yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Pommern heart by de ferbânsgemeente Cochem en leit oan de lofter kant fan de Mûzel.
Pommern | ||
Argeologysk Park Martberg | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Cochem-Zell | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 398 (2021) | |
Oerflak | 5,64 km² | |
Befolkingsticht. | 71 ynw./km² | |
Hichte | 85 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 05'N 7° 09'E | |
Offisjele webside | ||
www.pommern-mosel.de | ||
Kaart | ||
Pommern heart ta de âldste wyndoarpen oan de Mûzel. De earste spoaren fan bewenning op de Martberg by it tsjintwurdige Pommern geane werom op de 4e en 1e iuw f. Kr. Om 500 f. Kr. sette in Keltyske stamme him op de berch nei wenjen. De Romeinen brochten de wynbou en joegen it wyndoarp syn namme: Pomaria (de fruchtetún). Yn de romeinske tiid waard oer de âlde keltyske delsetting in romeinsk timpelkompleks boud. Op de fûneminten fan de âlde gebouwen steane hjoeddedei de rekonstruearre gebouwen, dy't besykje in foarstelling te jaan oer it libben en it leauwe fan de Kelten en de Romeinen.
It plak waard foar it earst as Ponieries villa yn it jier 936 yn in dokumint fan Otto I neamd. De abdij Himmerod wie sûnt 1264 de grutste grûnbesitter yn Pommern. Yn de Frânske tiid waard yn 1802 de abdij Himmerod opheft.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.