From Wikipedia, the free encyclopedia
De hillige Plektrudis of Plektruda († 10 augustus 725, Keulen) wie troud mei Pippyn fan Herstal. Yn dit houlik waarden twa soannen berne, Drogo en Grimoald, wêrfan Grimoald boaske mei de dochter fan kening Redbad. Tegearre mei har man stifte sy in protte tsjerken en kleasters. Oant de dea fan Pippyn wienen hja tegearre belutsen by de lânspolityk, en nei syn dea bleau hja dêryn aktyf. De ein fan it konflikt mei har styfsoan betsjutte yn 717 lykwols dat hja har macht ôfstean moast, wêrnei hja har werom luts yn it kleaster fan Keulen.
Har hjeldei is op 10 augustus.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.