![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/d/d1/Gizeh_Cheops_BW_1.jpg/640px-Gizeh_Cheops_BW_1.jpg&w=640&q=50)
Piramide fan Cheops
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Piramide fan Cheops of de Grutte Piramide (fan Gizeh), dy't datearret fan 'e perioade tusken 2580 en 2560 f.Kr., is de ienichste fan de sân klassike wrâldwûnders dy’t der hjoed de dei noch stiet. Yn 1311 waard de Katedraal fan Lincoln boud, dêrfoar wie de piramida fjouwer millenniums lang it heechste bouwurk (146 m) fan de ierde. De breedte is 230 meter en der binne likernôch 2,3 miljoen stiennen yn ferwurke dy’t sa’n 2300 kilo it stik binne. Neffens de skriften fan Herodotus ha se 20 jier dwaande west mei de bou. Ut modern ûndersyk docht bliken dat de piramide yndied yn 20 jier boud wurde kin.
By de piramide fan Cheops stean noch twa oare grutte piramides en twa lytsen. De grutte piramiden soenen boud wêze troch Cheops (of Choefoe), Chefren (of Khafra) en Mycerinus (of Menkaure). Neffens ûndersyk kin sein wurde dat de piramiden rûchwei yn it tiidrek 2551 en 2472 f.Kr. boud wurde binne. It seit himsels dat de piramide fan Cheops boud is troch Cheops dy’t as farao yn it tiidrek 2587 en 2564 f.Kr. oer it Alde Egypte hearske. De piramide wie ornearre as grêf en moast de heuvel foarstelle dêr’t de sinnegod Ra op stien hawwe soe doe’t er de oare goaden en godinnen skepen hie. It binne massive bouwurken mei in stabile konstruksje en dêrom stean se dêr hjoed hast noch like kreas by as fjouwer iuwen werom. De wite kalkstienlaach oan ‘e bûtenkant fan de piramide is fuorthelle yn de midsiuwen omdat se dy nedich wienen foar oare bouprojekten. De grutte piramde makket diel út fan in hiele rige bouwurken, ynklusyf lytsere piramiden.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/d/d1/Gizeh_Cheops_BW_1.jpg/640px-Gizeh_Cheops_BW_1.jpg)
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/7/73/Kheops-coupe.svg/320px-Kheops-coupe.svg.png)
1. Oarsponklike yngong 2. Yngong sûnt begjin 800 n.Kr. 3. Ferbiningsgong tusken op- en delgeand paad 4. Delgeand paad 5. Net foltôge ûndergrûnse keamer 6. Opgeand paad | 7. Keninginskeamer mei „luchtskacht“ 8. horizontale gong 9. Grutte gallery 10. Keningskeamer mei „luchtskacht“ 11. Keamer mei izeren falhikke 12. Boarne- of serviceskacht mei „grot“ |