De pinguïns (Spheniscidae) is de iennichste famylje fan fûgels yn it skift fan de pinguïneftigen.
De pinguïns binne fûgels dy't net fleane kinne. Ynstee binne se oanpast oan it libben yn it wetter, en binne it bêste swimmers en dûkers.
De ferskate soarten fan de famylje komme op ferskillende breedten fan it súdlik healrûn foar, fan it súdpoalgebiet oant en mei de evener. De Galapagospinguïn, dy't libbet op de Galapagoseilannen, is de ienige soarte dy't in lyts part fan syn libbensgebiet op it noardlik healrûn hat.
- Skift pinguïneftigen (Sphenisciformes)
- Famylje pinguïns (Spheniscidae)
- Skaai: grutte pinguïns (Aptenodytes)
- Soarte:keizerspinguïn (Aptenodytes forsteri)
- Soarte:keningspinguïn (Aptenodytes patagonicus)
- Skaai: boarstelsturtpinguïns (Pygoscelis)
- Soarte:Adeliepinguïn (Pygoscelis adeliae)
- Soarte:ringpinguïn (Pygoscelis antarctica)
- Soarte:ezelspinguïn (Pygoscelis papua)
- Skaai: túfpinguïns (Eudyptes)
- Soarte:rotspinguïn (Eudyptes chrysocome)
- Soarte:Macaronipinguïn (Eudyptes chrysolophus)
- Soarte:eastlike rotspinguïn (Eudyptes filholi)
- Soarte:noardlike rotspinguïn (Eudyptes moseleyi)
- Soarte:Fjordlântúfpinguïn (Eudyptes pachyrhynchus)
- Soarte:Snarestúfpinguïn (Eudyptes robustus)
- Soarte:schlegelpinguïn of Schlegels pinguïn (Eudyptes schlegeli)
- Soarte:grutte túfpinguïn (Eudyptes sclateri)
- Skaai: gieleachpinguïns (Megadyptes)
- Soarte:gieleachpinguïn (Megadyptes antipodes)
- Skaai: dwerchpinguïns (Eudyptula)
- Soarte:dwerchpinguïn (Eudyptula minor)
- Undersoarte:wytwjukpinguïn (Eudyptula minor albosignata)
- Skaai: brilpinguïns (Spheniscus)
- Soarte:brilpinguïn (Spheniscus demersus)
- Soarte:humboldtpinguïn of Humboldts pinguïn (Spheniscus humboldti)
- Soarte:Magelhaanpinguïn (Spheniscus magellanicus)
- Soarte:Galapagospinguïn (Spheniscus mendiculus)