From Wikipedia, the free encyclopedia
Piktyske stiennen binne monumintale stiennen, faak fersierd, makke en oprjochte troch de Pikten. De stiennen wurde fûn yn Skotlân en wurde datearre op de 6e- oant en mei de 9e iuw.
De bedoeling fan de stiennen is ûnwis. Faaks wienen it persoanlike tinkstiennen. As dat sa is, dan moatte de symboalen útlein wurde as clan- of famyljesymboalen. Guon stiennen ferbyldzje rituelen. De stiennen soenen ek as grêfstien brûkt wêze kinne, mar dat liket net it primêre doel west te hawwen. In oare teory ûnderstelt dat it grinsstiennen west hawwe kinne om de grinzen tusken clans of bloedlinen oan te jaan.
De brûkte symboalen soenen ek in byldskrift wêze (lykas de hiëroglifen). Der binne likernôch 35 ferskillende symboalen erkend. De abstrakte symboalen hawwe nammen krige sa as V-foarmige stêf en dûbele skiif. Dêrneist wurde der bisten ôfbylde, bygelyks it hart, de salm en de wolf. Der kinne ek deistige gebrûksfoarwerpen ûnderskaat wurde lykas de kaam en de spegel. Tige seldsum komme dy symboalen ek op Piktyske sieraden foar.
Yn The Early Christian Monuments of Scotland (1903) beskriuwe J. Romilly Allen en Joseph Anderson in klassifikaasje fan Piktyske stiennen dy't no noch brûkt wurdt.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pictische stenen fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.