Bruegel waard yn 1546 opnaam yn itin het Antwerpske skildersgilde, en waard learling fan Pieter Coecke fan Aelst. Bruegel makke yn 1551 of 1552 in reis nei Itaalje, dêr't er meast lânskippen skildere.
Oant 1559 maake er foaral gravueres en printen (ûntwerpen foar wandtapiten). Yn 1559 smyt er it roer om en skildert er allinne noch. It iene nei it oare masterwurk socht dan it ljocht.
Om 1563 hinne ferhuzet Bruegel fan Antwerpen nei Brussel, dêr't er boasket oan de dochter fan Coecke huwde, Mayken. Yn syn Brusselske tiid brûkte Breughel it lânskip fan it ticht by lizzende Pajottenlân, sa as it tsjerkje fan Sint-Anna-Pede (dat no heart ta Dilbeek) as eftergrûn foar de "Parabel fan de binen".
Alle bekende skilderijen fan Pieter Bruegel de Alde:
Kristus op it Mar fan Tiberias, 1553 (Kolleksje Charles de Pauw, Waver)
De Fersiking fan Sint-Antonius, 1557 (National Gallery of Art, Washington D.C.)
Parabel fan de Siedder, 1557 (Timken Museum of art, San Diego)
Sicht op Napels, 1558 (Galleria Doria Pamphilj, Rome)
De Fal fan Ikarus, 1558 (Koninklijke Musea voor Schone Kunsten van België, Brussel)
Tolve Sprekwurden, 1558 (Museum Mayer van den Bergh, Antwerpen)
Nederlânske Sprekwurden, 1559 (Gemäldegalerie, Berlijn)
It Gefjocht tusken Vasten en Vastenavond, 1559 (Kunsthistorisches Museum, Wenen)