From Wikipedia, the free encyclopedia
Philips Wouwerman (doopt Haarlim, 24 maaie 1619 - dêre, 19 maaie 1668) wie in Nederlânsk skilder en tekener. Hy skildere foaral hynders en slachfjilden. Syn wurk fertoant in soad dynamyk en dramatyk en is maklik te werkennen: in wyt hynder is ien fan syn hannelsmerken.
Hy wie de soan fan de Alkmaarske keunstskilder Pouwels Joostens Wouwerman. Wouwerman wie learling by syn heit, Frans Hals en Jan Wijnants. Yn 1638 reizge er mei syn ferloofde nei Hamburch om dêr te trouwen, sûnder dat syn heit it goed fûn. Yn 1640 wurdt er yn it gilde fan Haarlim neamd. Hy stoar op 19 maaie 1668 en waard op 23 maaie yn de Nije Tsjerke fan Haarlim begroeven.
De styl fan syn wurk wiist op bûtenlânske ynfloed, sa as it eksoatyske lânskip en de swier (de hui en de jui) fan de groepen figueren op syn skilderijen. Pieter van Laer, dy't yn Rome west hie, moat him beynfloede hawwe.
Wouwerman wie in grut talint en gjin fan de hynsteskilders fan doe en letter hat him oertroffen as tekener en koloarist. Hy wie populêr en soarge der foar dat der fraach nei syn wurk wie. Der waard yn de 18e iuw in soad foar syn wurk betelle, wylst hast net ien him no mear ken. Frederik de Grutte liet ôfbylden Wouwerman syn wurk op in reauke neiskilderje en joech it doe kado oan Katarina de Grutte.
Wouwerman wie de bekendste fan de Wouwermans. Eartiids hie er 1.200 wurken op syn namme, tsjintwurdich wurdt de helte dêrfan oan syn bruorren Johan en Pieter taskreaun.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.