From Wikipedia, the free encyclopedia
De hertz (symboal: Hz, gjin meartal) is de SI-ienheid fan frekwinsje. De hertz wurdt brûkt by periodike (him werheljende) ferskynsels. 1 Hz komt dêrby oerien mei in perioade fan 1 sekonde. Soe immen geregeld, ienkear yn de sekonde, op in tafel tikje, dan hat dat tikjen in frekwinsje fan 1 Hz. Tikket de persoan flugger, bygelyks twa kear yn de sekonde (de perioade is dan 0,5 s), dan is de frekwinsje 2 Hz. Yn SI-basisienheden útdrukt komt de Hz oerien mei s-¹.
De hertz wurdt faak útdrukt yn mearfâlden mei ien fan de offisjele SI-prefiksen: kilohertz (1 kHz = 103 Hz), megahertz (1 MHz = 106 Hz), gigahertz (1 GHz = 109 Hz), tearahertz (1 THz = 1012 Hz), petahertz (1 PHz = 1015 Hz), eksahertz (1 EHz = 1018 Hz), en settahertz (1 ZHz = 1021 Hz). Tink om it krekte brûken fan de haadletters, want dit wurdt faak ferkeard dien.
De frekwinsje-ienheid is neamd nei de Dútske natuerkundige Heinrich Hertz, dy't wichtige bydragen levere op it mêd fan elektromagnetisme.
De namme hertz waard oannomd troch de CGPM (Conférence générale des poids et mesures) yn 1960. Oant dy tiid waard frekwinsje ornaris útdrukt yn trillings per sekonde, yn it Ingelsk cycles per second (cps), mei ûnder mear mearfâlden kilocycles (kc) en megacycles (Mc). Dizze ienheden binne yn de jierren santich fan de tweintichste iuw geandewei ferfongen troch de hertz, hoewol't de cps yn Angelsaksyske lannen noch faak brûkt wurdt.
Yn natuerkundige formules wurdt de frekwinsje faak net útdrukt yn hertz, mar yn in mear tapaslike ienheid as radialen per sekonde. Men sprekt dan oer hoeksnelheid of hoekfrekwinsje. Ien radiaal per sekonde komt oerien mei 2π kear de trillingsfrekwinsje yn Hz. It symboal yn dat soarte formules is ω (omega).
Ynstee fan frekwinsje (yn hertz) wurdt by de besprekking fan golfferskynsels meastal de golflingte brûkt. De relaasje is v = λ × f, wêrby't f de frekwinsje yn hertz is, v (hjir de gewoane letter v, net de Grykske ν (nu)) de fuortplantingssnelheid yn meter per sekonde en λ de golflingte yn meter.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.