From Wikipedia, the free encyclopedia
Pervasive ûntwikkelingssteurings (Pervasive Developmental Disorders, PDD) is in term yn de psychiatry dêr't fjouwer ûntwikkelingssteurings plus in restkloft mei oantsjutte wurdt. Pervasyf hâldt 'djip trochkringend' yn.
Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
Tsjintwurdich wurdt as synoniem ek wol de term autismespektrumsteurings of autisme brûkt, mar op etiologyske grûnen en klassifikaasjes fan hâlden en dragen hâldt dat net foar eltsenien itselde yn. Yn maaie 2006 kaam der dan ek in foarstel om de kategory te wersjen en ûnderskied te meitsjen tusken autistyske pervasive ûntwikkelingssteurings en net-autistyske pervasive ûntwikkelingssteurings.[1]
Der wurde yn it DSM-IV ûnderskied makke tusken fjouwer pervasive ûntwikkelingssteurrnissen en de restkloft NAO:
Op mentaal mêd hawwe pervasive steurings fiergeande ynfloed op it ferrin fan de ûntwikkeling op tal gebieten as sosjale relaasjes en vaardigheden, taal en voorstellingsvermogen, motoryk, selsbesef, gefoelens, spel, fantasy, begryp fan de deilikse wrâld.
Op lichaamlik mêd hawwe dizze steurings út en troch gefolgen foar it ôfwarsysteem, de endokrinology, het fetsoermetabolisme, het aminosoer - of purinemetabolisme, en taname fan oksidative stress troch in ôfwiken yn de wurking fan de neurotransmitters.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.