Pälweerm (Noardfrysk: Polweerm, Pälweerm, Deensk: Pelvorm, Dútsk: Pellworm), is in Noardfryske eilân. De oerflakte fan it eilân is 37,44 km², it op twa nei grutste Noard-Fryske eilân. It eilân bestiet út ien gemeente, dy't by it Amt Pälweerm heart (dat ek inkele omlizzende eilannen omfettet).

Thumb
Lizzing

Op it eilân waard earder Noardfrysk sprutsen, yn de 18e iuw is de taal dêr útstoarn. Tsjintwurdich is de befolking Dútsktalich of sprekt Nedersaksysk.

It eilân, dat gjin sânstrân hat, is ûnderferdield yn kogen (Köge), âlde polders. It eilân leit trochstrings op 1 meter ûnder de seespegel en wurdt omklamme troch in 8 meter hege en 25 km lange seedyk. Pälweerm makke eartiids part út fan it eardere eilân Strân of Ald-Noardstrân, dat yn 1634 troch in stoarm foar in grut part fuortspield waard. In oar part dat oerbleau is it tsjintwurdige eilân Noardstrân.

Auto's binne tastien op Pälweerm, dat fia it buoreilân Noardstrân in fearferbining hat mei de fêstewâl. Dit fear is ûnôfhinklik fan it tij en hat in fêste tsjinstregeling.

Keppeling om utens

Thumb
De fjoertoer fan Pälweerm

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.