From Wikipedia, the free encyclopedia
De Peloponnezyske Oarloch (431 - 404 f.Kr.) wie de striid tusken de âlde stêdsteaten Atene en Sparta, de twa grutmachten fan it Grikelân fan earstiids en harren bûnsmaten.
It wie in lange en ôfmjittende oarloch (mei út en troch ûnderbrekkings) tusken de aristokratyske oligargyske lânmacht Sparta en de demokratyske skipfeartsnaasje Atene. Omdat gjin ien Gryksk stêdsteat yn de kriich neutraal en ôfsidich bliuwe koe, wurdt it konflikt ek wol de lytse "(Grykske) wrâldkriich" neamd. Nei ôfrin fan de oarloch kamen beide partijen sa bot ferswakke út de striid, dat gjinien fan beiden dêrnei syn eardere grutheid weromwinne koe.
Dêrnei folge it Peloponnezyske kongres yn Korinte, wêrnei de kriich tusken Sparta en Atene ferkleare waard.
De fijannichheden ferrûnen yn trije min of mear te ûnderskieden fazen:
Sûnt 431 f.Kr. hâlde it Spartaanske leger (ûnder befel fan kening Argidamos) tsien jier lang ferwoastende tochten troch Attika. Perikles lit Attika oer oan de ferwoasting en loek de boargerbefolking werom binnen de Lange Muorren. Underwillens plondere de Ateenske float de kusten fan de Peloponnesos en makket dêrtroch de befoarrieding fan Sparta gâns dreger.
In grutte tebeksetter foar Atene wie de dea fan har sjarismatyske lieder Pericles, dy't yn 429 f.Kr. stjerret oan de pest; dy moardzjende goarre wie útbrutsen ûnder de opienheapjende befolking dat beskerming socht tsjin Sparta binnen de Lange Muorren tusken Athene en Pireus. Perikles waard opfolge troch Kleon, in foarstanner fan de hurde line.
Yn 421 f.Kr. koe de Ateense lieder Nisias in wapenstilstân bewurkje, dy't foar in grut part lykwols in deade letter bleau. Lokaal giene de skermutselingen en wreedheden troch.
De Ateenske ekspedysje nei Sisylje (415-413 f.Kr.), mei as doel it westlike bekken fan de Middellânske See te behearsjen, brocht in nije grutte ramp oer Atene. De wispeltuerige steatsman Alkibiades woe op Sisylje inkele Grykske helpen tegen Syrakuse en hoopjende dêrtroch sels grutte rûm te ferwerven. Mar de ekspedysje mislearre, Alkibiades rûn oer nei Sparta - waard letter op 'e nij floatfâd fan Atene en wer ôfset - en de Ateenske fleat waard ferneatige.
Der folge slimme jierren foar Atene, dat har dêrnei nea mear folslein werstelle hawwe kin. Yn 413 f.Kr. besette in Spartaansk leger de Attyske grinsgemeente Dekeleia. Doe Sparta ek noch harren fleat útwreide en dêrfoar finansjele stipe krige en oanfierde fan de Perzyzke kening (de aartsfijân nota bene; en dat seit wat oer de hâlding fan Sparta tsjinoer Atene), begûn it der min út te sjen foar Atene. Fanút de oligargyske opposysje waard yn 411 f.Kr. in besiking dien om de macht oer te nimmen. De steatsgreep mislearre mar ferswakke de demokrasy. Lang om let waard yn 405 f.Kr. de nije Ateenske fleat troch de Spartaanske admiraal Lysandros by de Hellespont ferslein. Atene moest zich overgeven, it Seebûn waard ûntbûn, de festingwurken en de Lange Muorren moasten ôfbrutsen wurde. Atene wie koartfykt; Sparta hie de hegemony oernommen.
It folsleine ferrin fan de oarloch en de eftergrûnen binne troch Tukydides goed beskreaun, yn "De Peloponnezyske Oarloch". Hy wie in Ateensk generaal dy't nei de nederlaach ôfsetten waard. .
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Peloponnesian War fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.