From Wikipedia, the free encyclopedia
Peder Mørk Mønsted (Grenaa, 10 desimber 1859 - Fredensborg-Humlebæk, 20 juny 1941) wie in Deenske skilder. Yn de keunstskiednis wurdt er beskôge as ien fan de ferneamdste ynternasjonale lânskipsskilders om de iuwwiksel hinne.
Hy wie in soan fan begoedige skipsbouwer Otto Christian Mønsted en Thora Johanne Petrea Jorgensen.
Tusken oktober 1875 en jannewaris 1879 wie er ynskreaun oan de Akademie foar Skiene Keunsten yn Kopenhagen, dêr't er studearre by Frederik Vermehren, Julius Exner en Niels Simonsen. Hy studarree ek in skoft oa de skilderskoalle fan P.S. Krøyer. Yn 1882 hold er in skoft ta yn Rome en op Capri. Yn de winter fan 1882 op 1883 wie er learling fan William Bouguereau yn Parys.
Mønsted mocht graach reizgje. Yn 1889 gyng er nei Algerije. Trije jier letter reizge er nei Grikelân, dêr't er de gast wie fan kening George I, dy't as Deenske prins berne waard. Dêr makke er ek portretten fan de Grykske keninklike famylje. Dêrnei besocht er Egypte en Spanje. Yn lettere jierren wie er geregeld yn Switserlân en reizge er troch it Middellânske Seegebiet. Syn reizen smieten tal fan sketsen op dy't er útwurke ta skilderijen dy't er op ferskate ynternasjonale útstallingen presintearre. Hy wie benammen populêr yn Dútslân, dêr't ferskate toanstellingen fan syn wurk yn it Glaspalast yn München wiene.
De measte fan syn wurken binne partikulier besit. Yn 1995 wie der in grutte oersjochtentoanstelling yn Frankfurt am Main, "Ljocht fan it Noarden" neamd.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.