From Wikipedia, the free encyclopedia
Patricia Lee "Patti" Smith (berne Chicago, 30 desimber 1946) is in Amerikaanske sjongster-ferskes skriuwster, dichteresse en byldzjend keunstner. Hja hie in protte ynfloed op de New York City punk rock beweging mei har debútalbum Horses yn 1975 en krige de bynamme "de Godmother of Punk". Har wurk wie in miks fan rock en poëzy. It meast bekende lied fan Smith is "Because The Night", dat sy tegearre skreau mei Bruce Springsteen en it trettjinde plak berikte op de "Billboard Hot 100" yn 1978. Yn 2005, waard Patti Smith útroppen as Commander yn de Ordre des Arts et des Lettres troch de Frânske minister fan Kultuer, en yn 2007 waard sy talitten yn de Rock and Roll Hall of Fame. Yn 2010 wûn sy de National Book Award foar har oantinkens "Just Kids" en ûntfong yn 2011 de Polar Music Prize.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Patti Smith fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.