From Wikipedia, the free encyclopedia
Orléans (Latynsk: Aurelianum/Aurelia) is in stêd yn Frankryk, likernôch 130 km riden fan de haadstêd Parys. De stêd is de prefektuer fan it departemint Loiret en fan de regio Sintrum-Loiredelling yn de eartiidske provinsje Orléanais. Orléans hat in universiteit en it is de sit fan it bisdom Orléans. It histoaryske sintrum fan de stêd mei de goatyske katedraal leit oan de noardlike kant fan de Loire, de oan de súdlike kant fan de Loire lizzende stedsdielen binne fan lettere datum.
Orléans | |
---|---|
Rue Jeanne d'Arc mei sicht op de Cathédrale Sainte-Croix | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Frankryk |
regio | Sintrum-Loiredelling |
departemint | Loiret |
Sifers | |
Ynwennertal | 116.685 (2017) |
Oerflak | 27.48 km² |
Befolkingstichtens | 4.246 km² |
Hichte | 90-124 meter boppe seenivo |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | orleans-metropole |
Ien fan de grutte histoaryske barrens fan de stêd wie de befrijing fan Frankryk yn 1429 fan de Ingelsen troch Jeanne d'Arc. Op de dagen 29 april en 7 en 8 maaie wurdt de befrijing fan de stêd noch jimmeroan betocht. Oan die befrijing hie Jeanne d'Arc har bynamme "Jongfaam fan Orléans" te tankjen.
Yn de Twadde Wrâldkriich rekke yn 1940 it westlike diel fan de histoaryske binnenstêd troch Dútske bombardeminten slim skeind. Nei in trije dagen duorjende brân lei 13 hektare yn pún. Letter feroarsaken alliearre loftoanfallen foar noch mear skea.
Yn de tiid doe't de Loire noch befarber wie, wie Orléans in wichtich merk- en hannelssintrum. Tsjintwurdich is Orléans in yndustrystêd en foarmje de bestjoerlike funksje fan de stêd en de tsjinstferliening wichtige wurkjouwers. Ek it toerisme spilet in grutte rol yn de ekonomy fan de stêd.
Benammen yn de 20e iuw makke de stêd in grutte groei troch tanksij weryndielings en migraasje út de troch mechanisaasje troffen lannelike omkriten.
Jier | 1800 | 1851 | 1901 | 1954 | 1999 | 2017 |
---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 41.937 | 47.393 | 67.311 | 76.439 | 113.126 | 116.685 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Orléans fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.