![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/e/ec/Holy_Trinity_Cathedral%252C_Addis_Ababa_%25283434312871%2529.jpg/640px-Holy_Trinity_Cathedral%252C_Addis_Ababa_%25283434312871%2529.jpg&w=640&q=50)
Oriïntaalsk-otterdoksy
From Wikipedia, the free encyclopedia
De oriïntaalsk-otterdoksy is it leauwe fan dy easterske kristlike tsjerken, dy't inkeld de earste trije oekumenyske konsyljes erkenne (te witten: it Earste Konsylje fan Niséa, it Earste Konsylje fan Konstantinopel en it Earste Konsylje fan Efeze), mar de kristlike learstikken sa't dy fêstlein waarden troch it Konsylje fan Galsedon, yn 451, fersmite. Dizze oriïntaalsk-otterdokse tsjerken steane dêrom ek wol bekend as de âldotterdokse tsjerken, of ek wol as de miafysityske tsjerken of de pre-, non- of net-galsedoanyske tsjerken. Troch it westersk kristendom en de eastersk-otterdokse tsjerken wurde se ek wol fan monofysityske tsjerken neamd, al wize se dy namme sels ôf om't se dy ûnsekuer fine.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/e/ec/Holy_Trinity_Cathedral%2C_Addis_Ababa_%283434312871%29.jpg/640px-Holy_Trinity_Cathedral%2C_Addis_Ababa_%283434312871%29.jpg)
De oriïntaalsk-otterdoksy moat net betize wurde mei de eastersk-otterdoksy (de tsjerken fan it eastersk kristendom, grutdiels yn East-Jeropa, dy't har by it Grutte Skisma fan 1054 fan it westersk kristendom ôfspjalten), noch mei de saneamde Tsjerke fan it Easten (dy't de lear fan Nestoarius folget). De oriïntaalsk-otterdoksy wurdt opmakke troch in groepke tsjerkegenoatskippen, dy't elkmis geografysk en nasjonaal ûnderskaat en hiërargysk selsstannich binne, mar teologysk feriene. Dizze tsjerken ferkeare yn folsleine kommuny mei-inoar. Sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw is der in foarsichtige dialooch op gong kommen mei de eastersk-otterdokse tsjerken.