From Wikipedia, the free encyclopedia
Organyske arsjitektuer is in streaming yn de arsjitektuer dy't om 1900 hinne opgong makke. De streaming ûntstie út in sykjen nei in nije 'styl' dy't yn de eigen tiid passe moast, sûnder it brûken fan stylkenmerken út it ferline. Teffens besiket de organyske arsjitektuer in oplossing te jaan foar de sterke yndustrialisearring en it brûken fan nije materialen. Al sûnt de santiger jierren hat de organyske arsjitektuer in soad omtinken foar duorsummens en leefberens.
Wichtige grûnlizzers fan de organyske arsjitektuer binne Antoni Gaudí, Friedensreich Hundertwasser, Rudolf Steiner, Frank Lloyd Wright, Imre Makovecz en Louis Sullivan.
Organyske arsjitektuer hat gjin mienskiplike skaaimerken oan 'e bûtenkant, omdat it yn organyske arsjitektuer om in manear fan wurkjen en efterlizzende prisipes giet, yn stee fan in yn 't foar bepaald byld. Organyske arsjitektuer wurdt dêrom hast nea as in gearhingjende boustyl beskreaun.
Ien fan de útgongspunten is dat de funksje de foarm bepaalt, wat ek wol Form Follows Function (FFF) neamd wurdt.
Foarbylden fan organyske arsjitektuer:
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Organic architecture fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.