Oranjerivier
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Oranjerivier is mei 1860 km de langste rivier fan Súd-Afrika. De rivier wurdt betiden ek wol de Gariep neamd.
De rivier ûntstiet yn de Drakensberchtme op de grins tusken Súd-Afrika en Lesoto. De Oranjerivier floeit westwerts op de grins fan de provinsje Frijsteat, dwers troch de provinsje Noard-Kaap en foarmet úteinlik de súdlike grins tusken Súd-Afrika en Namybje, foardat dizze útmûnet yn de Atlantyske Oseaan by Aleksanderbaai, likernôch healwei tusken Walfiskbaai en Kaapstêd.
De grutste sydrivier is de Faalrivier, dy't de Oranjerivier te súdwesten fan Kimberley moetet. Oare lytsere sydrivieren fan de Oranje- en de Faalrivier binne de Brak-, Kaledon-, Harts-, Klip-, Modder-, Moai-, en Fetrivier, dy't meiïnoar de hiele Frijsteat, Lesoto en grutte parten fan it âlde Transfaal- en Kaapprovinsjes befloeiden.
It wetter fan de Oranjerivier makket in protte lânbouaktiviteiten mooglik, benammen yn de Noard-Kaap.