Olly B. Bommel
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Bommel-ferhalen binne de sûnt 1941 publisearre tekenteltsjes fan Marten Toonder oer kastielhear Olivier (Olly) B. Bommel, dy’t mei syn swakke sûnens altyd dwaande is yn stilte goed te dwaan. Dêrby giet it faak mis en dan moat syn jonge freon Tom Poes him der wer út helje. It binne tige moai fertelde en fantastysk tekene ferhalen, dêr’t allerhande minsklike swakheden yn meispylje, gauris mei in lichte ferbining mei de aktualiteit.
Toonder begûn de ferhalen al as bernefantasyen mei syn broer en hold dat fol oant syn 74ste jier.