From Wikipedia, the free encyclopedia
Oliver Cromwell (Huntingdon, Cambridgeshire, 25 april 1599 - Londen, 3 septimber 1658) wie in Ingelske militêr, steatsman, strang Puritein en Lord Protector fan Ingelân.
Oliver Cromwell fersette him fûl tsjin de tsjerklike polityk fan Karel I. Yn de Boargeroarloch (1642-1645) foarme er in (boere)-milysje, dy't troch tucht, godstsjinstsin en opofferingsreeëns útblonk. Mei dy izerfretters joech er de trochslach yn de kriich. Doe't syn besykjen om de kening mei it parlemint te fersoenjen, mislearre wie, wist er it parlemint te twingen om Karel yn steat fan beskuldiging te stellen. Nei it ûnthalzjen fan de kening (1649) trede er sûnder genede op tsjin de Katolike Ieren en de presbyteriaanske Skotten, dy't Karel II as kening erkenden. Dêrnei ferienige er Ingelân, Skotlân en Ierlân en regearre as Lord Protector (1653) sawat hieltyd sûnder parlemint. Syn âldste soan Richard folge him op yn 1658 op as Lord Protector, mar moast yn 1659 al ôfgean.
Yn de Twadde Ingelske Oarloch hat It Amelân, dat in spesjale posysje ynnaam yn Fryslân en de Republyk, besocht om syn neutraliteit te behâlden. Dêrom stjoerde Watse Frans fan Camminga yn 1654 twa Amelanners, Liemme Pieters en Dirck Douwes, nei Londen. Dy hienen yndie sukses. Oer de moeting fan de Fryske gesant Allard Pieter fan Jongstal en Cromwell wurdt in anekdoate ferteld wêrby't de nammen in rol spylje.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.